Wolkom by de Wikipedy yn it Ido. Ido stie oarspronklik bekend as herfoarme Esperanto, en waard yn 1907 skepen nei sân jier fan oerlis troch in komitee fan perfesters en taalkundigen. It falt jo miskien op dat Ido wat op Esperanto liket, mar mei in stikmannich ferskillen, lykas in folslein brekme oan diakrityske tekens en it gebrûk fan de letter 'q', wylst der somtiden hiel oare wurdfoarmen foarkomme.

As jo Ido oan it learen binne, en foar ús Wikipedy skriuwe wolle, fiel jo dêr dan frij ta! Der binne hjir wol lju dy't jo Ido ferbetterje kinne as jo alris in flater meitsje. Brûk gewoan mar de {{Revizo}} tafoeging eltse kear as jo tinke dat jo artikel wol wat grammatikale korreksje brûke kin.

It haadwebstee fan 'e Ido-taal befynt him hjirre, útjeften yn it Ido befine har hjirre, en it artikel oer it Ido yn de Fryske Wikipedy befynt him hjirre. In folsleine list fan websiden yn it Ido kin hjirre fûn wurde. De wichtichste redens om it Ido te ferkiezen boppe it bekendere Esperanto wurde, ta ein beslút, yn dit artikel op 't aljemint brocht.